Bedriuw looft tipjild út nei fandalisme

It bedriuw Ippel Dredging út Koudum siket de dieder fan fernielerij fan buizen yn Hylpen. Mei de buizen wurdt bagger ôffierd. Ferline wike binne mei in boarmasine gatten boarre yn in diel fan de buizen. Dy binne dêrtroch net mear brûkber en moatte ferfongen wurde. Mei omdat it wurk dêrtroch stil kaam te lizzen, sit it bedriuw mei in skeapost fan inkelde tûzenen euro's. Om de dieder te finen, is der in beleanning fan 2.000 euro beskikber steld. Dy hat noch gjin gouden tip opsmiten.