Wer in AED stellen yn Warkum

De AED-kast is leech © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn Warkum is freedtenacht by De Klameare in AED stellen. It is al de twadde kear dit jier dat dit bart. Begjin jannewaris binne beide AED's yn de stêd stellen. Dêr wie dy by De Klameare doe ek by. De plysje freget minsken oft se har melde wolle as se wat sjoen ha of witte wêr't de apparaten binne.
UPDATE: De AED is op in oar plak yn Warkum wer fûn.