Freedsmerk: "Wa't in kroade hat, moat 'm brûke"

Kinne je as kommissaris fan de Kening famylje nei foaren skowe foar in provinsjale opdracht? Nee, wie fan 'e wike de konklúzje yn Drinte. Op de Ljouwerter freedsmerk rûnen de mieningen dêroer útien. "It binne klauwers en dat bliuwe it!", rôp de ien, wylst in oar krekt sei it hypokryt te finen, omdat op alle nivo's minsken in oar wolris wat taskowe. "Do sjochst it oeral: as minsken op hege posysjes komme, dan tinke se 'zonnekoningen' te wêzen." Of: "Had hij zijn schoonzus maar drieduizend euro gegeven, dat had hem veel gezeik gescheeld!".
Mar de measten fûnen it dochs goed dat de kommissaris opstapt is: "It giet om it prinsipe" en "Dit is goed foar de 'geloofwaardigheid' fan politisy'.