UPDATE: Auto te wetter by Winsum, ien ferwûne

Auto te wetter op de N359 tusken Húns en Hilaard © Kappers Media
In frou is freedtemoarn ferwûne rekke, nei't se mei har auto te wetter rekke op de N359 tusken Húns en Hilaard. De helptsjinsten binne útriden foar it ûngelok op de Westergoawei en ek in traumahelikopter is oproppen. De ferwûne frou is al út de auto helle en mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
De oarsaak fan it ûngelok is noch ûndúdlik en ek hoe't de frou der oan ta is. De plysje docht ûndersyk op it plak fan it ûngelok. De Westergoawei waard yn beide rjochtingen ôfset, mar is wer frijjûn.