Arriva past tsjinstregeling Garyp oan nei petysje learling

Arriva docht in pear lytse oanpassingen yn de tsjinstregeling om de reizgers út Garyp en omkriten better te betsjinjen. Dat is it gefolch fan de petysje fan de 17-jierrige gymnasiumlearling Wolter van der Maten út Garyp. Hy makket him der lilk om dat sûnt de oername fan de konsesje fan Qbuzz troch Arriva de measte bussen fan Drachten nei Ljouwert de halte by Garyp foarby ride. Garyp hat dêrtroch noch mar twa bussen yn 'e oere, wylst dat der foarhinne wol fiif oant seis wiene.
Hantekeningen
Wolter sammele yn in pear wike tiid mear as 700 hantekeningen fan ferûntrêste buertbewenners en twong sa in oerlis ôf fan de pleatslike belangen fan Garyp en Earnewâld mei de provinsje Fryslân en busbedriuw Arriva op it provinsjehûs. Tongersdei wie it safier en waard der in pear oeren stevich diskusjearre oer de bushalte fan Garyp. De provinsje en Arriva bliuwe ta teloarstelling fan Wolter by harren beslút om de bussen fan de sneltsjinst Drachten-Ljouwert net stopje te litten by Garyp. In sneltsjinst moat trochride, sa fynt it busbedriuw, eltse ekstra stop makket de snelbus minder oantreklik foar de reizgers. Wolter fynt dat gjin sterk ferhaal. De snelbus stoppet yn Ljouwert wol by seis haltes. As je dêr ien fan skrasse, kinne je sûnder tiidferlies ek de halte fan Garyp oandwaan.
Konsesjes
Mar it busbedriuw die ek in pear lytse konsesjes. Arriva sil de tsjinstregeling yn maaie oanpasse, sadat de bussen dy't by it doarp stopje better op tiid ride. En al mei yngong fan nije wike sille guon bussen fan sneltsjinst 320 yn de moarnsspits ek reizgers yn Garyp meinimme, alteast as der noch plak is yn de snelbus. It giet dan om de saneamde fersterkingsbussen, dy't achter de gewoane bus oanride as dy al fol is. "Ze hebben in ieder geval wel naar ons geluisterd en de situatie van Garijp bekeken. Dat is moai", wie de reaksje fan Wolter nei it oerlis. Tefreden is de Garypster net. "Ik snap nog steeds niet waarom een halte in de stad wel zes bussen per uur kan krijgen en Garijp niet."
Nochris oerlis
It is de bedoeling dat de partijen oer in pear moanne nochris oerlizze sille. De pleatslike belangen fan Garyp en Earnewâld binne noch lang net tefreden. Se wolle dan fral omtinken freegje foar de tsjinstregeling jûns en yn de saneamde 'daluren', omdat de bus dan mar ien kear yn 'e oere yn Garyp stoppet en dat is wol soer, want de busreizger dy't lang by de bushalte wachtet sjocht yn dat oere dan ferskate healfolle bussen fan de sneltsjinst lânsriden. "Als je echt wilt, zou je dat zo kunnen oplossen. Maar je belandt een beetje in een ambtelijke toestand met hele kleine aanpassingen, en dat vind ik wel teleurtstellend."