Opfallende keunstwurken moatte Drachten sichtberder meitsje

Drachten krijt noch foar it jier 2020 fjouwer grutte en opfallende keunstwurken by de belangrykste tagongsdiken. Dizze eigentiidske stedsmarkearrings moatte der foar soargje dat Drachten sichtberder wurdt. Dat is nedich, want it haadplak fan Smellingerlân is no neffens de gemeente tefolle fuortstoppe achter lûdswâlen.
Wethâlder Marja Krans die tongersdei de ôftraap foar it ambisjeuze projekt. Njoggentjin keunstners út binnen- en bûtenlân geane de kommende moannen oan de slach mei ûntwerpen foar de stedsmarkearrings. It is it doel dat yn juny in kar makke wurdt út alle plannen.
Fjouwer ton
De gemeente Smellingerlân leit yn earste ynstânsje 400.000 euro op it kleed foar it projekt, mar hâldt der rekken mei dat mear jild nedich wêze sil foar it útfieren fan de plannen. Foar it begelieden fan it projekt en it winnen fan fûnsen hat de gemeente in spesjalisearre buro út Amsterdam yn de earm naam. In spesjale rol yn it projekt krijt de lokaasje Tussendiepen oan de westkant fan Drachten. De gemeente wol noch dit jier ferskate keunstners útnûgje om in fisjonêr keunstwurk te meitsjen foar de westrâne fan Drachten. It is it doel dat de keunstwurken yn 2018 te sjen binne yn de eardere Sluisfabryk as ûnderdiel fan it programma fan de Kulturele Haadstêd.
Poadium foar kultuer
Op de koplokaasje fan de Tussendiepen - in plak dêr't je no noch net komme kinne mei de auto of fyts - komt yn de simmer in poadium foar muzyk, film, performance en teäter. De gemeente briedt noch op mooglikheden om it gebiet better te ûntsluten.