Ljouwerter (32) frijsprutsen fan ynbraak yn Koarnjum

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 32-jierrige ynwenner fan Ljouwert is definityf frijsprutsen foar in ynbraak yn Koarnjum yn july 2015. It DNA fan de fertochte wie oantroffen op in iepenbrutsen raam yn de wenning. De Ljouwerter sei lykwols dat er neat mei de saak te krijen hie. It DNA wie oantroffen yn in fettige flek op it raam. De man koe net útlizze hoe't syn materiaal dêr telâne kaam wie.
Gjin ien op ien bewiis
Neffens advokaat Tsjalling van der Goot is de oanwêzigens fan DNA op it raam noch net ien op ien bewiis dat de man belutsen wie by de ynbraak. Yn dit gefal wie der sprake fan hûdskilfers, dy't maklik oerdroegen wurde kinne. De plysjerjochter spruts de man earder al frij om't der njonken it DNA materiaal gjin bewiis wie dat de Ljouwerter belutsen wie by de ynbraak. No hat ek it Iepenbier Ministearje har dêrby dellein.
Van der Goot is wiis mei it beslút fan it IM: "De vrijspraak bewijst de betrekkelijke waarde van DNA. Naast DNA zal steunbewijs nodig zijn om de verdachte te veroordelen. Kennelijk is het openbaar ministerie met de intrekking van het eerder ingestelde hoger beroep tot diezelfde conclusie gekomen."