Teken fan libben: it ferhaal achter in bermmonumint

In krúske as monumint yn de berm, as herinnering oan in deadlik ûngemak op dat plak. Yn Fryslân binne in soad fan dizze monumintsjes en der komme spitigernôch noch hieltyd mear by. Yn it nije tv-programma 'Teken fan libben' is Raynaud Ritsma op syk nei de ferhalen achter bermmonuminten. Hoe giet it fierder mei neibesteanden en helpferlieners nei sokke slimme, deadlike ûngelokken?
Omrop Fryslân stiet yn de earste ôflevering stil by it ferhaal fan keunstner Fokke Veurman út Aldtsjerk. Op 4 novimber 2000 ferlear hy syn âlden Bart en Griet by in hertferskuorrend ûngelok yn Oentsjerk. Hy fertelt oer de ympakt dy't it ûngelok noch alle dagen op syn libben hat: "Ik bin kwetsberder wurden, it laachje oer myn emoasjes is tinner wurden".
Kin samar ferkeard gean
By Rinsumageast stean trije krúskes oan de dyk, twa grutten en in lytsenien. Se fertelle it ferhaal fan de suskes Claudia en Nathalie, en de poppe, dy't noch yn de búk fan Claudia siet. It monumint hâldt alle dagen hûnderten automobilisten in spegel foar: ryd foarsichtich, it kin samar ferkeard gean.
Raynaud Ritsma
It programma is in idee fan presintator Raynaud Ritsma. Hy ferlear yn 2000 ien fan syn bêste freonen by in ûngelok. Dat hat grutte ympakt hân op himsels en syn freonegroep. Alle kearen dat Raynaud no by in bermmonumint delrydt, tinkt er oan wat der dêr bard wêze soe. Dat hat úteinlik laat ta dizze searje.
Teken fan libben is fan moandei 6 maart ôf alle moandeis te sjen fan 18.45 oere ôf by Omrop Fryslân.