Boeren stean tsjinoer Eaststellingwerf om boaiemûndersyk

© Omrop Fryslân, Geale Groen
LTO Noord en ferskate boeren stean tongersdei by de Ried fan Steat tsjinoer de gemeente Eaststellingwerf. De gemeente soe yn in nij bestimmingsplan tefolle hektare bûtengebiet oanwiisd hawwe as archeologyske fynplakken. Dit betsjut dat de boeren earst boaiemûndersyk dwaan litte moatte foar't se djipper ploegje meie. LTO Noord fynt dat dit boeren ûnnedich op kosten jaget. Se sizze dat mei de ruilferkaveling yn Eaststellingwerf yn de jierren '70 it bûtengebiet foar in grut part al oer de kop helle is. Dêr soe neat mear te finen wêze.
LTO Noord ferset him ek tsjin de beskerming fan fyftich plakken dêr't eartiids buorkerijen stienen. Dizze plakken soe de gemeente op it lêste momint oan it bestimmingsplan taheakke hawwe. Dizze histoaryske plakken lizze meastentiids midden yn it fjild. De gemeente hie yn earste ynstânsje gjin plakken yn it bestimmingsplan opnaam, mar de provinsje hat hjirop oantrune. De útspraak fan de Ried fan Steat oer it bestimmingsplan Bûtengebiet wurdt oer inkelde wiken dien.