Omrop TIP: It OMF konsertkonkoers live op ynternet

© Omrop Fryslân, Jorrit Meinsma
It muzykkonkoers fan de Organisatie van Muziekvereningingen in Fryslân (OMF) kin op sneon 4 maart wer live folge wurde by Omrop Fryslân. It konkoers is fan 09.00 oere ôf te sjen en te hearren fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
Oan it konkoers dogge 18 fanfare-orkesten en brassbands mei. It earste orkest set om 09.00 oere útein en de leden fan it lêste orkest komme om 21.15 it poadium op om harren stikken te spyljen.
Jûns fan 19.00 oere ôf binne der op de mominten fan de orkestwikselingen ynterviews mei dielnimmers te sjen. Sijtze van der Hoek en Andries de Haan prate mei orkestleden en diriginten oer harren ferwachtingen en de optredens.
It OMF konsertkonkoers is op sneon 4 maart fan 9.00 oere oant likernôch 23.00 oere te folgjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.