Auto fan de dyk by Drachten
By yndustyterrein Azeven by Drachten is tongersdeitemoarn in auto fan de dyk rekke. De auto ried fan de Wâldwei de sneldyk op, mar op de ôfrit gie it mis. In berger moast de auto út de greppel helje.
It ferkear hat koarte tiid wat lêst hân fan it ûngelok. It is net bekend oft der ien ferwûne rekke is.