Skoalbern Littenseradiel krije lessen oer skries

Bern fan fjouwer skoallen yn de gemeente Littenseradiel folgje de kommende twa jier ekstra lessen oer de skries. Dit nije projekt is woansdei offisjeel fan start gong yn it Dielshûs yn Wommels. Dêr koene 120 bern workshops folgje, dy't wat te krijen hawwe mei de skries. Tekener Ysbrand Galama joech bygelyks les oer hoe't je in skries tekenje en de bern koene fragen stelle oan greidefûgelsaakkundige Theunis Piersma.
Foar dit projekt binne basisskoallen út Winsum, Wommels, Baard en Itens selektearre, om't de skries dêr in soad foarkomt. It projekt hat ek de namme 'Greidhoeke Goes Onderwijs'. Julia van Bohemen, projektlieder fan Keunstwurk: "Door natuur en cultuur samen te brengen, kun je kinderen bewust maken dat je goed voor je omgeving moet zorgen."