MCL wol pasjinten mear bewege litte

It MCL yn Ljouwert begjint woansdei mei it nije programma ‘Beweeg je beter’. Mei dit programma wol it sikehûs in lichaamlike efterstân foarkomme by in langere sikehûsopname.
Skea troch bêdrêst
In soad rêst by in sikehûsopname is net mear fan dizze tiid. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de gefolgen fan tsien dagen bêdrêst gelyk stiet oan in lichaamlike efterútgong fan 15 jier troch ferâldering. Dy skea kin grut wêze, foaral by âlderen. Dêrom wol it MCL mei mear foarljochting en ferskate helpmiddels pasjinten stimulearje om te bewegen.
Alle bytsjes helpe 
De ôfrûne moannen hat in projektgroep ûndersyk dien nei de mooglikheden om pasjinten bewege te litten. “Het hat bliken dien dat we by de deistige aktiviteiten fan de pasjint in soad ferbetterje koene. It giet om lytse feroaringen, sa as nei it húske yn stee fan op de pot en oan tafel ite yn stee fan op bêd. Alle bytsjes helpe”, seit projektlieder en fysioterapeut Anita van Opzeeland.
Beweechdoel
Fan 1 maart ôf krije pasjinten oan it begjin fan harren opname útlis oer it belang fan beweging yn 'e tiid fan de opname. Oan de pasjinten sels wurdt frege om goeie klean en helpmiddels mei te nimmen. Ek wurdt der deistich it ‘beweechdoel’ mei de ferpleechkundige besprutsen. “Dêrfoar is in spesjale kaart ûntwikkele. We hawwe der foar soarge dat der foar elkenien helbere doelen op stean. De iene pasjint kin nammentlik mear as de oare”, seit van Opzeeland.
Foarsjenningen genôch 
Dêrneist binne der ek wat lytse oanpassingen dien oan de ynrjochting fan de ôfdielingen. Sa is der in kofjehoeke makke dêr't pasjinten mei harren besiker in bakje kofje drinke kinnen en der is in Alvestêderûte op de gong makke dêr't pasjinten by lâns rinne kinne. Om it bewegen makliker te meitsjen binne der spesjale rollators en sitfytskes kocht.
De ûnderfiningen wurde de kommende moannen evaluearre. De suksesfolle ûnderdielen fan de proef sil it MCL ek trochfiere op oare ôfdielingen.