Transportbedriuw moat dochs hegere boete betelje

Tachograafkaart © ANP XTRA
In transportbedriuw fan It Surhústerfean moat fan de Ried fan Steat dochs in boete betelje fan goed 13.000 euro. Earder hie de rjochtbank de boete ferlege nei 1500 euro. It bedriuw krige de boete, om't it de rydtide-administraasje net op oarder hie.
De rjochtbank fûn it earste bedrach te heech foar it lytse bedriuw, dat de tachograafskiven fan trije dagen net sjen litte koe. Neffens de rjochtbank wie der sprake fan ien oertrêding, mar minister Schultz-Van Haegen hold fêst oan trije oertrêdingen.
De minister wie boppedat bang dat de myldere útspraak transportbedriuwen útnûgje soe om de wet te oertrêden. It ministearje gie yn heger berop tsjin de útspraak en hat no gelyk krigen fan de Ried fan Steat.