Arno Brok op earste dei nei Ljouwert en Ferwerderadiel

De nije kommissaris fan de Kening Arno Brok bringt tongersdei in besite oan de grutste en lytste gemeente op de Fryske fêste wâl. It giet om Ljouwert, dêr't Brok oan it begjin fan de middei in ôfspraak hat mei boargemaster Ferd Crone, en om Ferwerderadiel, dêr't er oan de ein fan de middei boargemaster Wil van den Berg treft. Tuskentroch giet de nije kommissaris op besite by de organisaasje achter Kulturele Haadstêd. Moarns makket er in rûngong troch it provinsjehûs.
Arno Brok is woansdeitemiddei ynstallearre as kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat is dien yn in spesjale steategearkomste op it provinsjehûs.