UPDATE: Ferkear A7 rydt wer, file oplost
Ferkear op de A7 fan Grins nei It Hearrenfean moast woansdeitemoarn rekken hâlde mei fertraging. Troch in ûngelok stie der tusken Fryske Peallen en Marum sa'n acht kilometer file, sa melde de ANWB. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net bekend.
Yn de file hat ek noch in ûngelok west. Ek dêr is fierder neat oer bekend.