Jier sel easke foar kapotslaan pinautomaat yn Wolvegea

Fernielde pinautomaat Wolvegea (argyffoto), Rabobank wol no pinkiosken bûten stêd en doarp fanwege de de feiligens © 112Wolvega/René Wiegmink
In 35-jierrige man út Wolvegea stie tiisdei foar de rjochter, om't er yn novimber 2015 mei in bile in pinautomaat yn syn wenplak fernield hat. Der waard in jier sel easke. It filmke mei de bylden fan dy fernieling gie de hiele wrâld oer. Sels koe de man him de fernieling net mear yn it sin bringe, mar it filmke wol. Utsein it fernielen fan de pinautomaat hie de man noch folle mear op syn gewisse. Sa waard hy fertocht fan in rige auto-ynbraken en it stellen fan Stolpersteine, betinkstiennen fan Joadske oarlochsslachtoffers.
Skizofreny
De man hat lêst fan psychyske problemen, skizofreny, en ek is er ferslaafd oan drugs. Hy is mei in rjochterlike machtiging opnommen yn de GGZ. De behanneling dy't er dêr krijt moat trochgean, sa fynt it Iepenbier Ministearje. Neist de easke selstraf soe de man neffens de offisier fan justysje ek in drugsferbod krije moatte.