Gebben ynstalleare as boargemaster fan Tytsjerksteradiel

Jeroen Gebben is tiisdeitejûn ynstallearre as boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Kommissaris fan de Kening Joan Leemhuis hong him de amtskeatling om en naam him de eed ôf. Nei it offisjele part wie der foar elkenien de gelegenheid om de nije boargemaster de hân te jaan en mei him yn de kunde te kommen. Foar kommissaris Leemhuis wie it it lêste offisjele putsje, woansdei wurdt Arno Brok ynstallearre as nije kommissaris fan de Kening yn Fryslân.
Profyl Jeroen Gebben
Jeroen Gebben is berne yn Grins en opgroeid yn Bûtenpost. Hy is 45 jier en heit fan trije bern. Hy wie hjirfoar foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Edudelta Onderwijsgroep, in skoallemienskip foar VMBO en MBO mei fêstigingen yn Súd-Hollân en Seelân.
Gebben studearre oan de Universiteit Twente en hat ûnder oare wurke as beliedsadviseur fan de haadoffisier fan justysje fan it Iepenbier Ministearje Rotterdam en as projektlieder regionale feilichheidshuzen Rotterdam-Rijnmond. Tusken 2006 en 2010 wie Gebben lid fan de gemeenteried fan Barendrecht foar de VVD. Fan 2010 oant 2015 wie hy wethâlder en lokoboargemaster yn dyselde gemeente.