Provinsje stelt dúdliker deklaraasjebelied op

De kommissaris fan de Kening en de deputearren sille tenei better sjen nei wat se wol en net deklarearje kinne. Want oant no ta diene se it nei eigen ynsjoch. Mar dat wie yn de boekhâlding net altiten like dúdlik werom te finen. Der komme no dúdlikere regels oer wat wol en net deklarearre wurde kin. Sa betellet de provinsje gjin deifergoeding mear foar reizen yn it bûtenlân.
En it wurdt tenei ek dúdliker watfoar kosten foar rekken komme fan it hiele kolleezje fan Deputearre Steaten -lykas de nijjiersresepsje- of foar yndividuele bestjoerders -bygelyks in nachtsje yn in hotel.