Oerfal op tankstasjon It Hearrenfean yn Opsporing Verzocht

It tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean © Srfotografie
Tv-programma Opsporing Verzocht jout tiisdeitejûn omtinken oan de oerfal op in tankstasjon op It Hearrenfean yn desimber. In noch ûnbekende man kaam doe de jûns it tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei yn en bedrige de kassiêre mei in mes. Hy helle jild út de kassa en naaide oanslutend wer út.
Yn Opsporing Verzocht binne tiisdei ek bylden fan de oerfaller te sjen.