Tjeerd van der Zwan folget Arno Brok op as VNG-siktaris

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean folget Arno Brok op as siktaris fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten. Brok wurdt woansdei ynstallearre as nije kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Hy moat dêrom ôfskied nimme fan de VNG.
Van der Zwan is as foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten al lid fan it VNG-bestjoer. It giet om in net-betelle njonkenfunksje.