Swelletille moat it tal hússwellen yn Grou wer tanimme litte

In fiif meter hege swelletille tusken de nijbouwenten moat derfoar soargje dat de hússwel wer de romte krijt yn Grou. De swelletille is in inisjatyf fan de Grouster fûgelwacht, dy't him bot soargen makket oer de swel. Ut tellingen docht bliken dat yn Grou en  omkriten hieltyd minder sweltsjes sitte. Dat komt om't se gjin plakken mear fine kinne om nêsten te bouwen.
Benammen by nijbouwenten is eins gjin romte foar de nêsten. De tille is al boud en it is no allinnich noch wachtsjen op de boufergunning om him ek echt te pleatsen. As it goed is, slagget dat noch foar't de earste sweltsjes wer yn it lân binne.