Hynsteriders op Skylge winterdeis ek op gewoane paden

Hynsteriders meie yn de takomst winterdeis mooglik ek op de gewoane paden yn de Skylger bosken ride. In mearderheid fan de minsken dy't in enkête op it eilân ynfolle hat, hat dêr gjin beswier tsjin. Allinne moatte de gemeentlike regels dan wol oanpast wurde, want dy sizze dat hynders allinne op de spesjale ruterpaden meie. De enkête waard hâlden ûnder de 1.000 leden fan it Echt Terschelling Panel, dat út eilanners en minsken fan dêrbûten bestiet.
Fan de 1.000 minsken hawwe goed 700 de fragen beäntwurde. Hast de helte fan harren sjocht gjin grutte beswieren tsjin hynders dy't yn de moannen febrewaris, maart en april op de gewoane paden yn de bosken ride. Steatsboskbehear woe it dêrom per direkt ynfiere, mar dat slagget net, omdat dan earst de gemeentlike regels oanpast wurde moatte. Dêr sil no oer praat wurde.