Doniastate krijt nij kabouterpaad

Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens krijt wer in hiel nij kabouterpaad. Beamseachkeunstner Jan Stoelwinder fan Ychtenbrêge wurket op dit stuit oan sa'n 40 lytsere en gruttere figueren, makke út hout. Ferline simmer hie de bernebuorkerij te krijen mei fernielingen. De eardere keunststoffen kabouters waarden stellen, stikken smiten en fernield. De nije houten bisten en kabouters binne wat mear 'hufterproof'. Doniastate is in buorkerij mei boarterstún, dy't draaiende hâlden wurdt troch kliïnten fan Talant.
Sy passe op de bisten, draaie it restaurant en hâlde it park by. Moandei yn Hea! in reportaazje oer it wurk fan houtseachkeunstner Stoelwinder.