Bernepardon komt by it nije kabinet oan bod

Bernepardon © ANP
It ferromjen fan it bernepardon moat bepraat wurde by de kabinetsformaasje. It sittende kabinet giet der net mear mei oan de slach. Dat seit steatssekretaris Dijkhoff. In mearderheid fan de Twadde Keamer wol dat der soepeler omgien wurdt mei it bernepardon.
Benammen PvdA-leden út it noarden hawwe dêr flink achteroan sitten. Ferline wike waard der in moasje oer oannaam, mar it wurdt dus oer de ferkiezings tild.