Hoe is it no mei Akke Marije?

Akke Marije Marinus út Boarnwert wûn fjouwer moannen lyn Holland’s Next Top Model. Se krige in modellekontrakt mei in wearde fan 50.000 euro. Hoe giet it no mei har? "It giet hartstikke bêst mei my. Alles is wat besonken, ik ha no echt myn draai te pakken en bin oan it genietsjen." Se is ophâlden mei de oplieding "mei spyt yn it hert" en wurket no sa'n fjouwer dagen yn de wike as model. "It giet bêst wol goed. Lêsten hie ik in shoot foar it merk Supertrash, dat is wol in bekend merk. Hiel leuk dat ik dêrfoar frege waard."
Akke Marijke krijt ek in eigen parfum. "Lêsten ha ik nei in parfumfabryk west en in geur útsocht. It byldmateriaal dêrfoar moat op Ibiza sketten wurde, mar dêr is it krekt sok waar as hjir, dus net echt fleurich. It is dêrom wat útsteld."