Grou reagearret ferslein op de brân fan it Theehuis

Yn Grou is ferslein reagearre op de brân dy't It Theehuis sneintemoarn trof. It houten restaurant mei reidtek is in begryp foar alle Grousters. It kafee-restaurant is hast 100 jier lyn boud oan de Pikmar, en mei de Sint Pitertsjerke foarme it in belangryk oansjen foar it doarp. It is in bekend plak foar alle wettertoeristen yn Grou. It Theehuis hearde by de thúshaven fan de sylskoalle. De kommisje Grou fan it SKS-skûtsjesilen hat der altyd syn rûtebesprekking. En eins fiele alle Grousters wol in bân mei it Theehuis.
SKS
De petearen mei ynspekteurs en skea-eksperts fan de fersekering wienen moandei. Syb Osinga, eigener fan it gebou, wol dat it Theehuis wer werom komt. Nei eigen sizzen hat it altyd syn favorite pân west. Mar hoe en wannear't it wer komt, is noch net bekend. De SKS-kommisje Grou wol foar de kommende simmer in needlokaasje ynrjochtsje op it plak fan it Theehuis. Sadat se yn alle gefallen ek dit jier gasthear wêze kinne as de wedstriden yn Grou wer begjinne.
Der wurdt ek drok praat oer in nije ferfangende lokaasje foar de eksploitanten fan it Theehuis. Undernimmers en ynwenners fan Grou wolle útbaters Timo en Marieke Slump helpe om op in oar plak yn it doarp fierder te gean mei har hoareka-aktiviteiten. Dat seit foarsitter Ivo Krikke fan de ûndernimmersferiening Grou.