Koade giel: KNMI warskôget foar swiere buien

© Anton Kappers
It KNMI hat foar moandeitemiddei en moandeitejûn koade giel ôfjûn foar de provinsje Fryslân. It waarynstitút warskôget foar swiere buien mei tonger, hagel en swiere wynstjitten. It needwaar komt út it suden en sil tusken 16.00 oere en 22.00 oere oer de provinsje komme.
Yn de rin fan de jûn nimt de kâns op swiere buien wer ôf. Automobilisten moatte rekken hâlde mei gefaarlike waarsomstannichheden op de dyk.