Man is benaud dat er te let komt en rydt troch read

© Plysje Ljouwert
De plysje trappearre moandeitemoarn betiid yn Ljouwert in autorider (24) op fierstente hurd riden. De man ried mear as 30 kilometer te hurd oer de Aldlânsdyk lâns it Ljouwerter plysjeburo. Dat foel de plysje op en dy gie der efteroan. De plysje seach ek dat de man by it stopljocht troch read ried. By syn oanhâlding sei de man tsjin de plysje dat er hastich wie om op tiid op syn wurk te kommen. De man krige proses-ferbaal.