Plysje trappearret slingerjende brommerrider yn Droegeham

De plysje sette it resultaat fan it asemûndersyk op Twitter © Twitter / Team Verkeer Noord-Nederland
De plysje hat sneintejûn it rydbewiis fan in 62-jierrige man út Droegeham ynnommen. De brommerrider foel op de Tillewei op troch syn slingerjende rydgedrach. Ut in test yn it plysjeburo die bliken dat de man tefolle drank op hie. Dêrneist die bliken dat alle oare rydbewizen fan de man sûnt 2009 al ynnaam wiene yn ferbân mei syn drankynname.
De plysje kontrolearre snein ek hûndert autoriders by Skearnegoutum op drankgebrûk. Dat gie better, want op de N354 wie net ien yn oertreding.