''Regels hobbypiloaten moatte minder strang wurde''

De regels foar hobbypiloaten moatte folle minder strang wurde. Dat fynt de Koninklijke Nederlandse Vereniging voor Luchtvaart. Bart dat net, dan driget de hobbypiloat miskien wol te ferdwinen fan de fleanfjilden, lykas dy op It Amelân en yn Drachten. De ôfrûne jierren binne de regels oer fleanen yn itselde gebiet as kommersjele flechten in stik stranger wurden.
Sa meie hobbyfleaners net mear te heech fleane en moatte se harren boppedat hâlde oan de opdrachten fan de luchtferkearslieding. In minne ûntwikkeling, sa fynt de feriening, want fleaners sille der dêrtroch mei ophâlde. Al sûnt 2011 nimt it tal fleanbewegings ôf en de feriening ropt oerheden derom op maatregels te nimmen.