Oanslach belestingen yn Dongeradiel komt dit jier letter

It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum © Omrop Fryslân
Ynwenners fan de gemeente Dongeradiel krije dit jier harren oanslach gemeentlike belestingen en WOZ-beskikkings in moanne letter. Dat meldt de gemeente op har webside. Troch de oergong nei in oar systeem fanwegen de amtlike fúzje fan de gemeente, falle de dokuminten pas begjin april op de matte.
De gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân wurkje sûnt 1 jannewaris fan dit jier mei elkoar gear.