Romke Kooyenga wol Henk Krol fan 50Plus wol ferfange

Undernimmer Romke Kooyenga fan Dokkum wol Henk Krol fan 50Plus wol ferfange. "As ik sjoch hoe't dy man stuntelet, tink ik kom op no!" Kooyenga is ek beskikber as steatssekretaris of minister foar 50Plus: "As it dan mar op it sosjale mêd is''. Romke Kooyenga die syn útspraken yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Kooyenga folle live yn it programma de stimwizer yn en nuansearre guon stellingen.
Sa is Kooyenga foar tsjinstplicht foar jongeren: "It wurdt tiid dat de jeugd wer fatsoen leart", en tsjin it eigen risiko yn de soarch: "Mei útsûndering fan rike minsken sa as ik, wy kinne wol in eigen risiko fan 5.000 euro hawwe". Fierder is Romke Kooyenga foar it ôftopjen fan de hypoteekrinte: "It is dochs ûnsin dat minsken lykas iksels hypoteekrinte ôflûke kinne as we in hûs fan trije of fjouwer miljoen keapje?"
Sa útsprutsen as syn útspraken, wie de útslach fan de stimwizer net. Dy kaam út op 53 prosint foar CDA, ChristenUnie en Denk. 50Plus siet dêr mei 50 prosint krekt ûnder.