FOTO: De ferkeapers fan de Supervlooi Ljouwert
In suterige sneintemiddei, ideaal om efkes by de Supervlooi yn it WTC Expo yn Ljouwert om te strunen. Hûnderten minsken binne oan it sneupen nei dat iene snústerijke wat se graach hawwe wolle. Mar wa binne no dy minsken dy't it guod ferkeapje? Hokker ferhalen sitte der efter harren foarwerpen? Fotograaf Joris Kalma socht it út en makke de folgjende plaatsjes.