Utslaande brân: Theehuis Grou yn de jiske lein

It ferneamde restaurant it Theehuis yn Grou is snein folslein yn de jiske lein. Fan it plak is neat mear oer. De brânwacht hat it pân kontrolearre útbaarne litten. In wenhûs op in pear meter ôfstân en de huzen oan de oare kant fan de strjitte waarden wiet hâlden om foar te kommen dat it fjoer oerslaan soe. It restaurant leit direkt oan de Pikmar. De wyn stie dy kant op, dus de reek en de fonken gongen net oer yn de rjochting fan it doarp.
Der wienen gjin persoanen yn it restaurant oanwêzich doe't de brân ûntstie, sa meldt de brânwacht. It restaurant hie in reiden tek. Meardere korpsen wienen útriden nei it plak om de brân te bestriden.
Reek oer de Pikmar
De brânwacht warskôge wettersporters en oar farferkear út de reek te bliuwen. Liander hie yn ferbân mei de brân in stroomferdielstasjon ôfsletten. Dêrtroch sieten 85 húshâldings sneintemiddei sûnder elektrisiteit. Dat hat in pear oeren duorre.
Neiblusse
Om goed kertier oer ienen joech de brânwacht it sein 'brân master'. In kraan hat de restanten fan it gebou omlûkt om goed neiblusse te kinnen. It Theehuis wie ien fan de moetingsplakken as it skûtsjesilen yn Grou wie. Op it terras wie de silerij op de Pikmar goed te sjen.