Klant snackgelegenheid bestellen fan krekt kochte klean

Patat © ANP
In 22-jierrige man út Nunspeet en in 19-jierrige frou út Ljouwert binne sneon op de Nijstêd yn Ljouwert oanhâlden foar it stellen fan klean en oar guod. By in snackgelegenheid hiene se fan in klant pûden mei ûnder oare klean meinaam.
It twatal gie mei de pûden werom nei de winkel en woe it guod wer ynruilje foar jild. Mar de eigener fan de klean hie de winkel ek al ynljochte oer de stellerij. Sadwaande koene de fertochten oanhâlden wurde.