Dokterswacht Fryslân en Arriva wer berikber

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De Dokterswacht Fryslân is wer berikber nei de telefoansteuring fan sneontejûn. De telefoanyske klanteservice fan Arriva kin minsken ek wer te wurd stean. Dat meldt it ferfierbedriuw op Twitter.
In lanlike steuring by telecomoanbieder Ziggo soarge sneontejûn ek yn Fryslân foar problemen. Dokterswacht Fryslân wie net goed berikber. Minsken dy't rap help nedich hiene, moasten belje mei de meldkeamer, telefoannûmer 112.
Neffens in wurdfierder fan Ziggo binne de problemen yn de nacht fan sneon op snein oplost. Ziggo ûndersiket wat de oarsaak fan de steuring is. It bedriuw seit dat it wichtich is te ynvestearjen yn de netwurk, sadat sokke problemen yn de takomst net wer foarkomme.
De steuring ûntstie freedtemoarn en like freedtemiddei wer klear te wêzen. Mar sneontejûn wie it wer mis. Oars komme der in pear meldings yn de oere, mar sneontejûn om alve oere kamen der mar leaft 688 meldings. Ek op sosjale media reinde it klachten.