Steuring by Ziggo, Dokterswacht Fryslân net goed berikber

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
In lanlike steuring by telecomoanbieder Ziggo soarget ek yn Fryslân foar problemen. Dokterswacht Fryslân is troch de steuring net goed berikber. De Dokterswacht ropt minsken op dy't mei spoed help nedich hawwe om mei de meldkeamer te beljen (112). Oare minsken kinne neffens in wurdfierder fan de Dokterswacht it bêst efkes wachtsje en letter sneontejûn nochris belje.
Ek de telefoanyske klanteservice fan Arriva is net berikber, meldt it ferfierbedriuw op Twitter.