Harkemase Boys wint Fryske derby fan ONS Snits

De Fryske derby tusken treddedifyzjeklups Harkemase Boys en ONS Snits is sneon wûn troch de Boys. Op Sportpark De Bosk waard it 1-0 foar de Harkiten. De thúsploech begûn sterk, mar ONS naam al gau it inisjatyf oer en dominearre de earste helte.
Yn de twadde helte kamen de Boys sterk werom. Se krigen twa grutte kânsen fia Schrijver en Van Hezel en in kertier foar it ein moast ONS fierder mei tsien man doe't Dantuma fan it fjild stjoerd waard mei twa kear giel. Harkema profitearre optimaal en Schrijver skoarde in skitterjende goal: 1-0.
Troch de winst stiet Harkemase Boys no op 33 punten. ONS Snits bliuwt stean op 27 punten.