Boaiemfynstdei yn museum Bûtenpost lûkt in protte besikers

Hieltyd mear minsken lûke der mei in metaaldetektor op út om yn de grûn te sykjen nei bysûndere foarwerpen. Yn it iistidemuseum yn Bûtenpost is it sneontemidddei smoardrok. Dêr wurdt in saneamde boaiemfynstdei holden.
Minsken dy't moaie fynsten dien ha, kinne se meinimme. Saakkundigen sitte klear om alle fynsten te besjen. Se kinne oanjaan wat it krekt is, út hokker tiid it komt, en wat it wurdich is.