Westereender siket fia Facebook donornier

Sietse de Vries fan De Westereen siket op koarte termyn in donor. Syn eigen nieren wurkje noch mar foar 6 prosint en it sil net lang mear duorje oft De Vries moat oan de dialyze-apparatuer.
De Vries stiet sûnt septimber 2015 op de wachtlist foar in donornier. De wachttiid is trije oant fiif jier. Dêrom siket de amtner fan de gemeente Dantumadiel nei in alternatyf troch in oprop op Facebook. Oant no ta is syn oprop mear as 750 kear dield. In pear minsken hawwe reagearre, mar in konkrete donor hat dat noch net opsmiten.