Fertochte oppakt nei oerfal op tankstasjon Drachten

De plysje hat de fertochte fan de oerfal fan sneontemoarn op it tankstasjon oan de Noarderdwersfeart yn Drachten gau oppakke kinnen. It is in 26-jierrige Drachtster. Nei in boargernet-oprop seach in tsjûge de man rinnen en warskôge de plysje.
De oerfaller stapte om healwei tsienen it tankstasjon yn, bedrige in meiwurker mei in mes en naam jild mei. Nei de oerfal draafde er hurd fuort. De plysje hat de fertochte meinaam nei it buro. It mes is weromfûn oan de strjitte de Wielewalen, yn de buert fan it tankstasjon.
It tankstasjon yn Drachten waard goed twa moanne lyn ek al oerfallen.