Kollum: "50Plus?"

"Woansdei wie it wer safier. De teller fan myn oantal jierren dat ik hjir op dizze dwaze wrâldbol omstap, tikke mei in hurde klik de 48 oan. No wie it troch de wike en elk hat it drok en sa, dus hiene we de plichtplegingen ôfrûne wykein al hân. Dochs kaam der ûnferwachts dy jûns noch besite. Se namen wisky mei en dan binne jo by in Fryske skriuwer fansels tige wolkom.
Jo meie wol sizze dat it gesellich wie. It praat kaam op de smaak fan de drankjes op tafel en dat soms mei it tatsjinjen fan twa drippen wetter noch mear smaakpalet iepenspat en sa mear. In hânfol wâlnuten op tafel dy’t fansels noch iepen wraksele wurde moasten, it koe hinnebruie.
It ûnderwerp ferkiezings kaam ek oan de oarder. Want ja, wêr sille wy ris in rûntsje read kleurje oer in pear wiken? De propagandamasines draaie op folle toeren. Sawol links as rjochts docht o sa syn bêst om de oaren del te sabeljen. De toan yn de media, yn kranten, op de flechtige ynterwebs en oare platfoarms liket yn it beskaafde Nederlân ek eltse kear wer wat op te skowen nei de populistyske en mei heale leagens trochspekte show oan de oare kant fan de Atlantyske Oseaan. In goed keapman soe sizze: "As jo wat gedaan krije wolle, moatst der no bywêze." Se ferkeapje yn de ferkiezingstiid harren siel en eigen mem noch om mar safolle mooglik stimmen te lûken. It heart der allegearre by. Wy sieten mei fjouwer minsken oan ien keukentafel en it soe samar sa wêze kinne dat we allegearre wat oars stimme sille, want sa fersnippere as it politike lânskip der no hinne leit, haw ik noch net faak meimakke.
Op links fjochtsje se inoar sa as gewoanlik de tinte út en wolle se alle idealen mei mear belesting betelje. Yn it midden wol it CDA fan Sybrand van Haersma Buma de grutste wurde. Hy sei fan 'e wike yn De Volkskrant dat de oare fraksjefoarsitters him sa pleagje mei syn dûbele namme, mar dat hy leaver ‘gewoan’ Buma neamd wurde wol. Om it mar ris oer echt wichtige saken te hawwen, sis mar. Dan ferpleatse we ús nei rjochts, dêr’t it jild sit en dat stimt sa as gewoanlik op de VVD. Der binne ek noch partijen dy’t in eigen fanklupke hawwe. De SGP sil wol wer twa sitten helje en it kabinet dat der komt, stipe jaan. Net folle spannends oan, dus. De bisten wurde fertsjintwurdige troch in yn Ede berne fegetariër en lid fan Het Kerkgenoodschap der Zevende-dag Adventisten, in klupke dat it homohoulik net stipet en yn prinsipe ek tsjin abortus is. Spitich, mar frou Thieme falt dus ôf.
De PVV is der ek noch. Is dy no rjochts of links? Nimmen wol mei harren regearje, sizze se. Mar och, se sizze wolris mear, sa stiet yn in Frysktalige songtekst fan Briquebec. Dus wachtsje we even ôf yn hokker bochten ús Halbe Zijlstra him aanst wringe sil en mei in izeren glimke op it gesicht by it telider sleine elektoraat rjocht besiket te breidzjen dat elts folk kriget dêr’t it op stimt en dat der oars gjin mooglikheden binne om rjocht te dwaan oan de ferkiezingsútslach as in ferkennend petear oan te gean mei de partij dy’t dêr mei it each op it tal sitten it measte rjocht op hat. Datsoarte retoryk.
En 50+? Dy wol de AOW wer nei 65 jier hawwe. Op himsels fyn ik dat in prima punt. Ik haw swier wurk en oant myn 70e trochgean liket my neat. Sa soe ik der hast foar kieze kinne om in krúske by Krol en co te setten. Mar ja, ik bin noch mar 48 en dus hartstikkene jong en dus wol ik noch net by in senioarepartij hearre.
Soms bin ik ûnwennich. Fan de Boerenpartij fan boer Koekoek. Jo wisten dat it net folle jaan soe as jo dêrop stimden, mar it wie ek net gefaarlik en in debat mei Koekoek derby wie aardich better te fernearen as de 'pleur op'- en 'doe effe normaal'-razerij fan hjoed-de-dei.
It sil my benije wa’t my, foar it earst yn myn libben, as swevende kiezer de kommende wike oerhellet en oertsjûgje kin.
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.