Drylts posityf oer ûntwerp fontein Japanske keunstner

In grutte faas mei stinzeblommen. Dat is it ûntwerp fan de Japanske keunstner Shinji Ohmaki foar it alvefonteineprojekt yn Drylts. Ohmaki brocht syn ûntwerp freedtejûn foar it fuotljocht yn stedsherberch Het Wapen van IJlst. Dêr wiene aardich wat minsken op ôf kaam.
De earste reaksjes wiene entûsjast. Guon wiene kaam mei in negative hâlding. Se hiene ûntwerpen sjoen dêr't se net goed oer te sprekken wiene. Mar se wiene gau om, om't de Japanner him yn dit ûntwerp ynsprirearje litten hat troch it lânskip en de skiednis fan it plak.
In foarbyld dêrfan is dat de stinzeplanten weromkomme yn it ûntwerp, mar dan wol skikt neffens de regels fan de Japanske blomsierkeunst. De ynwenners binne ek bot te sprekken oer de kleuren en de spegels dy't yn de fontein ferwurke binne. De fontein is sawat seis meter heech. It keunstwurk moat komme tusken it Snekerpaad en De Dassenboarch. Dêr leit in stik grûn dat opknapt wurde moat.
Alle Fryske stêden krije in fontein fanwege Kulturele Haadstêd 2018, it saneamde 11-fountainsprojekt.