SC Cambuur set MVV oan 'e kant mei 4-0 oerwinning

Cambuurfans hiene freedtejûn by de wedstriid tsjin MVV út Maastricht in tige moaie jûn. De Ljouwerters koene ien fan de konkurrinten foar de boppeste plakken yn de Jupiler League frij maklik oan de kant sette. It waard 4-0 foar Cambuur. De wedstriid begûn earst noch spannend, mei inkelde kânsen foar de ploech út Maastricht. Mar al nei in kertier pakte Cambuur de rezjy en begûn te triuwen. En dat die fertuten yn de 31ste minút, doe't Van de Streek in pass fan Hoefdraad kreas de goal ynwurkje koe.
De ploech fan Sipke Hulshoff like dêrnei de smaak te pakken te krijen, want al yn de 38ste minút folge it twadde doelpunt foar de Ljouwerters. Dizze kear wie it Monteiro dy't de bal yn in klutssituaasje yn de 16 úteinlik makke.
Nei de rêst liet Cambuur MVV eins net mear yn it spul komme. Barto koe troch in keepersflater fan Green ek nochris de 3-0 meitsje. Dêrmei wie it noch net klear, sa fûn Lilypaly dy't yn de 77ste minút de 4-0 binnenwurkje koe en dêrmei ek de einstân bepaalde.
​​