Arno Brok krijt lintsje by ôfskied as boargemaster Dordrecht

Arno Brok hat in lintsje krigen © Twitter, @ajflach
De nije kommissaris fan de Kening fan de provinsje Fryslân Arno Brok hat in keninklike ûnderskieding krigen. Brok naam freed ôfskied as boargemaster fan Dordrecht en waard dêr ferrast mei it lintsje. Hy is útroppen ta offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau.
De ûnderskieding waard oerhandige troch de kommissaris fan de Kening yn de provinsje Súd-Holland Jaap Smit. Dy hie yn in taspraak ek waarme wurden oer foar de nije Fryske kommissaris.
"Arno Brok geeft ruimte, schenkt vertrouwen en laat anderen hun kwaliteiten zoveel mogelijk ontplooien. Hij is een bestuurder met een hoog moreel besef, die in staat is te verbinden en die zijn betrokkenheid toont. Hij is ook een bestuurder die, als de situatie daarom vraagt, streng kan zijn en kiest voor distantie”, sa sei Smit by it ôfskied.