Sânhuzen ferslein nei útslaande brân yn stâl

De dea fan mear as hûndert kij by in brân yn Sânhuzen is hurd oankaam yn it doarp. Der wurdt in soad oer praten. Tongersdeitejûn baarnde in stâl yn it doarp folslein út. En dat is net foar it earst: yn 2003 baarnde der ek in pleats folslein út en kamen bisten om it libben.
De bistedokters dy't op de pleats wienen, binne folslein derôf. "De brand heeft een diepe indruk achtergelaten", sa sei bistedokter Paul Paternotte fan DAC Noordwolde.
De kij dy't noch yn libben wienen nei de brân, rekken sa slim ferwûne dat de bistedokters neat oars koenen as se deameitsje. Omstanners woenen kij út de stâl helje mar nei oerlis tusken de melkfeehâlder, de brânwacht en de bistedokters waard besletten om dat net te dwaan. It losbrekken fan de kij soe foar noch folle gruttere problemen soargje.