'Farske molke kin boarger tichterby de boer bringe'

Echte farske molke, sa út de taap by de boer kin de gewoane boarger tichterby it boerewurk bringe. Dat is de fêste oertsjûging fan heit en soan Lieuwes, feehâlders by Aldwâld. Freed iepenen sy mei help fan wethâlder Jelle Boerema fan Kollumerlân har taappunt It Mingel. De maatskip Lieuwes melkt sa'n hûndert kij en foar tachtich sint de mingel kin de farske, rauwe greidemolke út it taappunt helle wurde. Elk dy't dat wol, is ek wolkom yn de stâl, by de melkput of it jongfee.
"We fine it wichtich dat gewoane boargers witte hoe't wy hjir mei ús berop en ús produkt omgean", sa sizze de feehâlders. It taappunt by de pleats yn Aldwâld is 24 oeren deis iepen.