Lokale Lastenmeter moat belestingen yn SWF dúdliker meitsje

© Gemeente Súdwest-Fryslân
Om de ferskate gemeentlike belestingen dúdliker te meitsjen foar ynwenners en ûndernimmers, makket de gemeente Súdwest-Fryslân sûnt koart gebrûk fan de 'lokale lastenmeter'. Dy is te finen op de webside fan de gemeente en lit sjen hokker gemeentlike belestingen der binne en wat de minsken betelje moatte.
Ek kinne se in fergelyk meitsje mei oare gemeenten.