SC Hearrenfean wol tsjin Roda JC wer goals meitsje

SC Hearrenfean hopet nei fiif kompetysjewedstriden sûnder oerwinning einliks wer ris trije punten te pakken. Sneon spilet Hearrenfean tsjin Roda JC. De ploech út Limboarch stiet op in 14e plak.
Fan de lêste fiif wedstriden ferlear Hearrenfean der fjouwer en dat wylst de ploech faak net de mindere wie. "Persoonlijke fouten horen bij het voetbal en daar zul je mee moeten dealen", sa seit trainer Jurgen Streppel.
Nettsjinsteande de minne resultaten is Streppel net fan doel it roer hielendal om te goaien. "We spelen gewoon goed en dat is de basis om wedstrijden te winnen. Het enige wat we niet doen is doelpunten maken, maar daar hebben we deze week aandacht aan besteed."
Lucas Bijker komt werom fan syn skorsing en stiet links efteryn. Martin Odegaard begjint nei alle gedachten wer yn de basis troch de skorsing fan Pelle van Amersfoort. Ek St. Juste en Wout Faes binne der fanwege skorsingen net by. Stijn Schaars wurket hurd oan syn herstel. De middenfjilder stie tongersdei foar it earst op it trainingsfjild.